Auto's botse frontaal op elkoar op N381

29 sep 2019 - 07:50

Op de N381 by Donkerbroek binne yn de nacht fan sneon op snein twa auto's op elkoar botst. De oarsaak wie glêdens troch rein.

Foto: SrFotografie

De plysje waard om 1.30 oere hinne alarmearre. Ek waarden de brânwacht en ferskate ambulânses oproppen.

Der lei in laachje wetter op 'e dyk, wêrtroch't ien fan de twa auto's yn 'e slip rekke. De auto dy't dêrachter ried, koe net mear útwike en botste frontaal op de foarste.

De beide bestjoerders binne kontrolearre troch it ambulânsepersoniel, mar hoegden net nei it sikehûs. De auto's binne burgen.

(advertinsje)
(advertinsje)