Molkwein klapt op fangrail op A32

29 sep 2019 - 07:25

Op de A32 by Aldeholtwâlde is yn de nacht fan sneon op snein in molkwein op in fangrail klapt. De wein en de fangrail rekken beide flink skansearre.

Foto: ProNews

It ûngelok barde krekt nei middernacht. Wat de oarsaak is, is net bekend, mar de plysje slút net út dat de sjauffeur lêst hie fan wurgens. Ien rydstripe yn 'e rjochting fan It Hearrenfean waard tydlik sletten.

De molkwein kaam troch it ûngelok sûnder ferljochting te sitten en waard dêrom ûnder begelieding fan de plysje nei syn bestimming brocht. De fangrail is dyselde nacht noch reparearre.

Trefwurden: 
ûngelok A32 fangrail molkwein
(advertinsje)
(advertinsje)