Ostfriezen by betinking Slach by Warns

29 sep 2019 - 00:01

By de betinking fan de Slach by Warns waard dit wykein stilstien by meartaligens. Om it tema krêft by te setten, wiene der ek sa'n 30 gasten út Ostfriesland. Sy hiene in eigen stien meinaam foar by it monumint op it Reaklif.

De gasten prate Ostfries en Sealterfrysk. It Sealtersk is ien fan de meast bedrige talen fan de wrâld en ek ús Frysk stiet ûnder druk, sa wie it boadskip. Alders moatte it foarbyld jaan oan bern. Dan hoege Nederlânske, Ingelske of oare ynfloeden gjin bedriging te wêzen.

In groep fan sa'n 30 Dútske Ostfriezen wie in wykein yn Fryslân. Se wolle ferbining sykje mei Friezen om harren eigen taal libjend te hâlden. It Sealterfrysk wurdt hieltyd minder sprutsen, der binne noch sa'n 1.500 minsken dy't it prate.

(advertinsje)
(advertinsje)