Fuotgonger swier ferwûne by ûngelok op N380 by Nijhoarne
By in ûngelok op de N380 by Nijhoarne is sneontejûn in fuotgonger slim ferwûne rekke. It slachtoffer is mei spoed nei it sikehûs oerbrocht.
De oanriding fûn bûten it doarp plak. Dêr soe it slachtoffer mei hege snelheid oanriden wêze. De klap wie sa swier dat it foarrút fan de auto stikken gie.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.