Warner Hahn: "3-0 is wel een aardige uitslag als je op teletekst kijkt"

28 sep 2019 - 21:34

SC Hearrenfean die sneontejûn goede saken yn de earedifyzje. Foar it earst sûnt 4 augustus pakte de ploech fan trainer Johnny Jansen wer in oerwinning. Yn Venlo pakten de Feansters de oerwinning mei 3-0. Ejuke makke twa doelpunten foar Hearrenfean, en ek Jens Odgaard skoarde.

Trainer Johnny Jansen wie nei ôfrin fan it duel ferromme mei de oerwinning. "We zijn zeker blij. We houden hier de nul, scoren drie keer, dan heb je het gewoon goed gedaan." Dochs wie Jansen net tefreden oer it spul fan syn ploech. "We verliezen de controle op de wedstrijd omdat we in balbezit heel slordig waren. Dan krijgen ze teveel ruimte om te voetballen."

Hearrenfean kaam al betiid op foarsprong nei twa doelpunten fan Chidera Ejuke, mar drukte dêrnei net troch. "We laten zoveel momenten liggen dat we counters kunnen plaatsen. Daar moeten we nauwkeuriger in worden. Nu is het tóch hectisch, het is tóch nog billenknijpen."

Keeper Warner Hahn wie belangryk foar syn ploech. By in 2-0 foarsprong foar Hearrenfean like it derop dat it wer spannend wurde soe, want VVV krige in strafskop. "Ik ging de goede hoek in, hij schiet hem slecht in en ik pak hem. Anders komen zij weer terug in de wedstrijd, dus dat is lekker.

Hahn wie it mei syn trainer iens dat Hearrenfean net goed spile. "We hebben de afgelopen weken goed gespeeld en te weinig resultaat behaald. Nu hebben we slecht gespeeld en een goed resultaat behaald. Dat vind ik het belangrijkste. We hebben niet veel klaargespeeld, maar ook niet veel weggegeven. Dan is 3-0 een aardige uitslag als je op teletekst kijkt."

(advertinsje)
(advertinsje)