Hearrenfean pakt twadde oerwinning fan it seizoen

28 sep 2019 - 20:25

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn de earedifyzje wûn fan VVV Venlo. Yn Limboarch waard it 3-0 foar de Feansters, nei twa betide goals fan Chidera Ejuke en in lette goal fan Jens Odgaard. It is foar Hearrenfean de twadde oerwinning yn acht wedstriden.

Foto: www.orange-pictures.nl

Hearrenfean gie fûl fan start tsjin de ploech út Venlo. Al nei sân minuten skeat Joey Veerman de bal fan ôfstân op de latte. In minút letter wie it wol raak, doe't Ejuke de 1-0 makke nei goed wurk fan Floranus. Fiif minuten letter, noch hieltyd yn it earste kertier, makke keeper Kirschbaum fan VVV in grutte fout, wêrtroch Ejuke der 2-0 fan meitsje koe.

It like derop dat Hearrenfean de wedstriid ûnder kontrôle hie, mar kaam nei goed tweintich minuten dochs yn de problemen. Nei in lytse oertrêding fan Botman gie de spits fan VVV, Haji Wright, nei de grûn. Skiedsrjochter Gözübüyük fûn it genôch foar in penalty. Wright naam dy sels, en seach hoe't keeper Warner Hahn fan Hearrenfean de bal knap út syn goal helle.

Fluitkonsert fan thúspublyk

Mei twa doelpunten foarsprong koe Hearrenfean de earste helte ienfâldich útfuotbalje, en dat die de ploech fan Johnny Jansen dan ek. De lêste pear minuten hie VVV wol in optysk oerwicht yn it fjild, mar de oanslutingstreffer levere dat net op. De thúsploech krige dan ek in fluitkonsert fan it eigen publyk doe't Gözübüyük fluite foar de rêst.

Yn de twadde helte besocht VVV om de Feansters ûnder druk te setten. Mei troch in dûbele wiksel spile de ploech wat oanfallender, en dat smite in kâns op foar Cattermole. Oanfaller Van Bergen koe de ynset fan de Ingelsman fan de line ôf helje.

VVV komt, Hearrenfean wint

Nei in kertierke waaide de stoarm fan VVV wat oer, en koe Hearrenfean de kontrôle werom pakke. VVV krige sa no en dan noch wol in kânske, mar Yeboah en Sinclair krigen de bal net foarby Warner Hahn. De ploech fan Robert Maaskant hie wol folle mear balbesit, mar grutte kânsen smite dat net op.

Oan de oare kant fan it fjild makke Jens Odgaard der nei in rappe counter mei syn tredde goal fan dit jier 3-0 fan. Troch de oerwinning stiet Hearrenfean no op tsien punten út acht wedstriden. Dêrmei stiet de ploech fan Johnny Jansen yn de middenmoat.

VVV Venlo - SC Hearrenfean 0-3 (0-2) 8. Chidera Ejuke 0-1, 13. Chidera Ejuke 0-2, 87. Jens Odgaard 0-3.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Floranus (82/Van Rhijn), Dresevic, Botman, Woudenberg, Veerman (68/Bruijn), Faik, Kongolo, Ejuke (90/Halilovic), Odgaard, Van Bergen.

(advertinsje)
(advertinsje)