Massaal yn de rige: publyk kin op de foto mei ferneamde Jasper 366

Jasper 366 is noch altyd in fenomeen. Dat die sneon mar wer bliken by in saneamde 'meet and greet' mei de Fryske hynst. Yn Oentsjerk kamen mear as hûndert minsken ôf op de fotosesje mei 'de kening' ûnder de Fryske hynsten.
Yn de rij foar in foto mei Jasper 366
Jasper wie de grutte publykslûker op de jubileumdei fan hynstesportferiening Trynwâlden. De feriening bestiet 50 jier en fierde dat sneon mei in dei fol festiviteiten dêr't se safolle mooglik gebrûk by makken fan de kapasiteiten fan (âld)leden. Sa wie der in dressuerclinic fan Willem de Jong en in demonstraasje fan springruter Folkert Kelderman. Ek de famylje Wijma, de eigeners fan Jasper 366, wiene yn it ferline lid fan PSV Trynwâlden.

Meast ferneamde hynst

De Fryske hynst Jasper 366 is yntusken al 24 jier en de meast ferneamde hynst út Fryslân. Syn stambeam is hast sûnder ein. Wannear't hy de ring ynkomt by de jierlikse hynstekeuring yn Ljouwert, bart der wat bysûnders mei it publyk en hâlde guon minsken it net drûch.
Tiisdei is yn it TV-programma HEA! fan Omrop Fryslân in sfearfolle reportaazje oer de Meet & Greet mei Jasper 366 te sjen.