Brûns foar Tsjakadoea op NK judo

Judoka Tornike Tsjakadoea fan Ljouwert is sneon tredde wurden op it NK judo yn Almere. De Ljouwerter rekkene yn de striid om it brûns ôf mei Dylan van der Kolk.
Brûns foar Tsjakadoea op NK judo
Tsjakadoea kaam sneontemiddei ýt yn de klasse foar judoka's ûnder 66 kilogram. Dat is in swierdere klasse dan wêr't hy normaal syn wedstriden yn knokt. Dat is nammentlik de klasse oant 60 kilogram, wêryn hy earder al twa kear Nederlânsk kampioen waard.

Tsjakadoea hat it swier op wei nei brûns

Tsjakadoea wie frijlotte foar de earste ronde. Dêrom begûn syn toernoai yn de kwartfinale. Dêryn rekkene hy mei in waza-ari ôf mei Adil Belkaid. Yn de heale finale moast de Ljouwerter it opnimme tsjin Ennio Mertens. Nei 4 minuten judo wie der noch gjin winner en dus kaam der in saneamde Golden Score. Dy waard makke troch Mertens.
Ek de striid om it brûns rûn út op in Golden Score. Pas nei 6 minuten en 40 sekonden kaam der in beslissing troch in waza-ari fan Tsjakadoea, dy't dêrmei in medalje mei nei hûs nimme mocht.