ONS Snits pakt puntsje nei in reis fan 285 kilometer

28 sep 2019 - 19:01

De fuotballers fan ONS Snits ha sneontemiddei mei 2-2 lyk spile tsjin Goes. Yn Seelân makke Sam Crowther beide goals foar de Snitsers.

Foto: Omrop Fryslân

ONS en tsjinstanner Goes wiene beide it seizoen net goed úteinset. De Snitsers wiene foar de wedstriid de nûmer lêst fan de tredde difyzje, de ploech út Seelân stie ien plakje heger. It wie ONS dat de earste klap útdielde, doe't Sam Crowther in minne bal yn de ferdigening fan Goes ûnderskeppe koe. Efkes letter like it op deselde wize wer mis te gean foar Goes, mar keeper Meulensteen brocht dizze kear rêding.

It like derop dat Snits de foarsprong nei it skoft bringe koe, mar dat wie bûten Steve Schalkwijk rekkene. Hy skeat oan de ein fan de earste helte raak, en sette de 1-1 rêststân op it boerd.

Penalty foar ONS

Tsien minuten nei it skoft kaam ONS wer op foarsprong. Sam Crowther waard yn it strafskopgebiet ûnderút helle en fersulvere dêrnei sels de penalty.

In kertier letter wie it lykwols al wer lyk. De bal kaam foar en bleaun dêr hingjen, wêrtroch't Steve Schalkwijk de bal oer keeper Kuipers hinne wippe koe. Dêrnei wiene de teams aardich yn lykwicht en krigen se beide noch kânsen op de winst. Benammen Crowther foar ONS en Schalkwijk foar Goes sochten beide nei de hattrick. Die kaam der net mear.

(advertinsje)
(advertinsje)