Winst foar kuorballers Mid-Fryslân tsjin SCO, ferlies foar Hearrenfean

28 sep 2019 - 18:24

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha sneontemiddei de Fryske derby yn de haadklasse A tsjin SCO mei 15-13 wûn. Hearreanfean gie op besite by Tempo út Alpen aan den Rijn hurd ûnderút. It waard mar leafst 34-10.

Foto: Orange Pictures

Nei fjouwer wedstriden yn de haadklasse is Wageningen de koprinner mei fjouwer oerwinningen. Mid-Fryslân stiet fjirde, Hearrenfean is fiifde en SCO sechsde.

(advertinsje)
(advertinsje)