Toer Boalsert: "De ferbiningen wiene hast allegearre fuort"

29 sep 2019 - 15:15

It is mar goed dat de top fan de toer fan it stedhûs fan Boalsert der sneontemiddei ôfhelle is. Dat seit Sietse la Roi, dy't projektlieder is fan de ferbou fan it âlde stedhûs.

Neffens La Roi wie de steat fan de toer echt tige min. "De ferbiningen dy't der normaal sitte moatte wiene hielendal fuort. Op ien nei dan. Dat wie in befêstiging dat it goed is om de toer derôf te heljen."

It wie noch wol efkes spannend, want it waaide sneontemiddei behoarlik. "It siet tsjin krêft seis oan, en dus ha we gewoan trochset. Alles wie úteinlik ûnder kontrôle. De masinist wie noch net senuweftich, dus dat is goed gien."

Sietse La Roi is projektlieder fan de ferbou fan it stêdhûs

Foar de projektlieder wie it úteinlik in unike put. "Dit binne de klussen dy't je net sa faak dogge. Ik ha 25 jier by de gemeente Boalsert wurke, dat jout wat druk, mar it jout ek in soad enerzjy."

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs toer
(advertinsje)
(advertinsje)