Iepen dei azc Snits lûkt hast 1000 besikers

28 sep 2019 - 17:44

De iepen dei fan it azc yn Snits hat sneon tusken de 800 en 1000 minsken nei it sintrum lutsen. De iepen dei fan de azc's wie yn it ramt fan de nasjonale Burendag.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn Fryslân diene de azc's yn Snits en Balk de doarren iepen foar belangstellenden. Sa wie der yn Snits in kultuermerk dêr't de bewenners fertelden oer it lân dêr't se weikomme. Dat diene se mei muzyk, dûns en oare ynformaasje.

De bedoeling is dat de bewenners fan it azc en omwenners inoar better kennen leare. Yn Balk kamen goed 250 minsken op de iepen dei ôf. It wie neffens de meiwurkers gesellich drok en minsken wiene tige fleurich. De doarren wiene iepen fan 13 oan 16 oere mar yn Snits wie it ek nei fjouwer oere noch in drokte fan belang.

De azc's Sint-Anne, Burgum en Drachten diene om ferskate redenen net mei. Yn it hiele lân kamen der 11.000 minsken ôf op de iepen dei fan ferskate asylsikerssintra.

Trefwurden: 
Snits iepen dei Balk AZC
(advertinsje)
(advertinsje)