Darter Danny Noppert hat gjin kâns tsjin Michael Smith

28 sep 2019 - 17:24

Danny Noppert fan De Jouwer is sneontemiddei yn de twadde ronde fan de Gibraltar Darts Trophy útskeakele. De 28-jierrige darter hie gjin kâns tsjin âld-wrâldkampioen Michael Smith: 6-1.

Foto: Lawrence Lustig, PDC

Freedtejûn hie Noppert yn de earste ronde noch mei 6-5 wûn fan Keegan Brown. De Gibraltar Darts Trophy is de lêste wedstriid op de European Tour fan dit seizoen. It wie de lêste kâns foar de Jouster om him te pleatsen foar it EK, dat ein oktober yn Dútslân hâlden wurdt. Dat is no nei alle gedachten net slagge.

Trefwurden: 
Danny Noppert darts
(advertinsje)
(advertinsje)