Feartsjinsten falle snein út troch hurde wyn

28 sep 2019 - 17:04

De snelboaten tusken Harns en Flylân en Skylge fan sneintemiddei binne út de feart helle. Fanwege de ferwachte hurde wyn farre de snelboaten fan 17.20 oere nei Flylân, dy fan 18.20 oere nei Skylge en fan Flylân nei Harns om 18.55 oere net.

Sneltsjinst Tiger - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Trefwurden: 
Doeksen snelboat
(advertinsje)
(advertinsje)