Bûtenpost hurd ûnderút by direkte konkurrint Flevo Boys

28 sep 2019 - 16:57

VV Bûtenpost hat sneontemiddei mei 4-0 ferlern fan Flevo Boys. Troch it ferlies is de klup út Emmeloord de Blaukes no foarby op de ranglist.

Fuotbal - Foto: Shutterstock.com

Foar Bûtenpost wie it in wichtige wedstriid. Flevo Boys is in direkte konkurrint en stie foar de wedstriid mar ien plak en twa punten achter de Blaukes. De earste kâns wie foar Bûtenpost doe't Rik Weening nei in foarset krekt net by de bal koe. Neidat Bûtenpost-keeper Kevin van der Meulen in skot stoppe, wie it in minút letter wol raak. Timon Rorije sette de thúsploech op in 1-0 foarsprong. Yn de 27e minút tocht Flevo Boys op 2-0 te kommen, mar doelpuntemakker Strengholt stie bûtenspul.

Yn de lêste minuten foar it skoft kaam Bûtenpost in oantal kear gefaarlik foar de goal, mar koe har kânsen net omsette yn in goal en gong dus mei in 1-0 efterstân de klaaikeamer yn.

Gifbeker moat leech

Bûtenpost begûn de twadde helte mei in tal grutte kânsen mar koe dy net fersulverje. Flevo Boys die dat wol, doe't Yumé Ramos by in hoekskop hielendal fry stie en maklik de 2-0 binnen koppe koe.

De Blaukes hiene it doe noch net opjûn want sy setten in soad druk op Flevo Boys. Mar de thúsploech wie skerp yn de counters en neidat sy yn de 74e minút al in grutte kâns krigen wie it yn de 78e minút wer raak. Timon Rorije tekene foar syn twadde fan de middei. Doe wie de gifbeker noch net leech foar Bûtenpost want troch in penalty fan Ramos waard it ek noch 4-0.

Ranglist

Troch it ferlies wurde de Blaukes ynhelle troch Flevo Boys. Bûtenpost hat út fiif wedstriden fjouwer punten helle en stiet dêrmei fjirtjinde yn de haadklasse B.

(advertinsje)
(advertinsje)