Nyck de Vries pakt kampioenskip yn Formule 2 mei winst yn Sotsji

28 sep 2019 - 16:48

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is sneontemiddei wrâldkampioen wurden yn de Formule 2. Yn it Russyske Sotsji pakte De Vries de oerwinning yn de Grand Prix, wylst syn grutte konkurrint Nicholas Latifi twadde waard. Dat betsjut dat De Vries yn de kommende races net mear yn te heljen is yn it kampioenskip.

Foto: Mercedes-Benz EQ Formula E Team

De Vries hie sneon in goede start fan pole position ôf. Achter him moast Latifi syn twadde plak ferdigenje, sa't hy in bytsje útrinne koe. Mar dat wie bûten Luca Ghiotto rekkene. De Italiaan hie de bêste start en gie yn in pear ronden sawol nûmer twa Nicholas Latifi as nûmer ien Nyck de Vries foarby.

As ien fan de earsten gie De Vries yn it begjin fan de race de pits yn foar de ferplichte pitstop, dy't alle koereurs meitsje moatte. Konkurrint Latifi gie mei him mei, wêrtroch't De Vries de foarsprong op him behâlde koe. Nei de pitstop wie de Fries njoggende, mar de acht koereurs foar him moasten noch nei binnen.

Dat barde ek en mei noch trije ronden te gean lei de Twellingeaster wer op kop, foar Latifi en Ghiotto. Dat wie ek de folchoarder oan de finish en dêrmei wie de titel binnen foar Nyck de Vries.

Ik bin in hiel lokkich man.

Nyck de Vries foar de kamera's fan de Formula 2

Yn in earste reaksje lit De Vries witte dat er grutsk is op syn prestaasjes: "Ik ha hjir gjin wurden foar. We fertsjinje it. Juster hawwe we de earste stap setten en hjoed ferrûn alles neffens plan. Ik bin in hiel gelokkich man!"

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)