Harkemase Boys spilet lyk tsjin Ajax

28 sep 2019 - 16:21

Harkemase Boys hat sneontemiddei teloarstellend mei 0-0 lykspile tsjin Ajax. Yn it duel yn de tredde difyzje kamen de Amsterdammers yn de twadde helte mei tsien man te stean, mar de Harkiten koene dêr net fan profitearje.

Foto: www.orange-pictures.nl

In grutte namme op besite op De Bosk. Harkemase Boys moast it opnimme tsjin Ajax. Net it grutte Ajax fan trainer Erik ten Hag, mar de amateurs dy't op sneon spylje. De Amsterdammers stiene foar de wedstriid tolfde, wylst Harkemase Boys, noch altyd sûnder ferliespartij, it duel begûn op it twadde plak fan de ranglist.

Harkemase Boys gie fan de start ôf op syk nei de trije punten. Yn de earste tsien minuten krige Berwout Beimers twa kânsen, mar de 1-0 woe net falle. Dêrnei kaam Ajax better yn de wedstriid, mar Boys-keeper Jansema koe twa kear rêding bringe.

Foto: www.orange-pictures.nl

Opfallend genôch rekke Harkemase Boys yn it earste heal oere twa spilers kwyt. Dennis van Duinen waard mei in blessuere ferfongen troch Bas van Wijnen, wylst Jari Slort ek net fierder koe en Pier Veldman foar him yn de ploech kaam. Oan de kant fan de Amsterdammers wie it Abdulrahman dy't mei in blessuere útfoel.

Ajax mei tsien man fierder

In soad wikselingen yn de earste helte, mar de stân op it skoareboerd wy by it skoft noch itselde as yn it begjin fan de wedstriid, 0-0. Yn de twadde helte wie de earste grutte kâns foar Ajax, mar nettsjinsteande gaos yn it strafskopgebiet fan Harkemase Boys gie de bal der net yn.

Mei noch tweintich minuten te spyljen helle Moiz da Silva de trochbrutsen Pier Veldman ûnderút. Dat betsjutte in reade kaart foar de ferdigener fan Ajax, dat mei tsien man fierder moast. Harkemase Boys besocht dêrnei alles om de winnende treffer te meitsjen, Berwout Beimers rekke noch de peal, mar de winst siet der net yn foar de Harkiten.

(advertinsje)
(advertinsje)