Podcasts binne hip; mar wat is in podcast no eins?

28 sep 2019 - 15:28

Spannende ferhalen, in mist radioprogramma of in diskusje oer ferskate ûnderwerpen. Kinst it allegear harkje fia podcast. Mar wat is in podcast eins? En hoe wurket dat no? Marjelle Boorsma fan de online redaksje leit it út.

Foto: Omrop Fryslân

Wat is in podcast?

"In podcast is in audiobestân dat op it ynternet stiet. Dat bestân kinst direkt harkje of downloade. In podcast kin in radioprogramma wêze, mar ek in dokumintêre of harkspul. Eltsenien kin in podcast begjinne. Dat soarget der ek foar dat der oer de meast ferskate ûnderwerpen podcasts te finen binne en dat je faak wiidwichtich prate kinne oer in ûnderwerp. Mear as bygelyks op'e radio."

Wat kin ik ferwachtsje by in podcast?

"Dat ferskilt bot per podcast. De iene podcast kin in neipraat wêze oer de sport fan de ôfrûne wike wylst in oare podcast in sjoernalistike dokumintêre wêze kin. Kinst sels útsykje watsto ynteressant fynst en wêr'tsto nei harkje wolst."

"Wat wol hiel gebrûklik is, is dat podcasts yn searje-foarm ferskine. Dat der bygelyks alle wiken of alle moannen in nije ôflevering beskikber komt."

Hoe kin ik derachter komme oft der in nije ôflevering is fan in podcast dy't ik nijsgjirrich fyn?

"Ast in podcastrige ynteressant fynst, dan kinst dy der op abonnearje. As der dan in nije útstjoering beskikber komt, dan wurdt dizze automatysk yn dyn podcastapp set. Kinst der ek foar kieze om in melding te ûntfangen op 'e telefoan. Sa bliuwst altyd op 'e hichte fan nije ôfleveringen."

Hat de Omrop ek podcasts?

"Jawis! Op dit stuit hawwe wy meardere podcasts online stean. In pear foarbylden binne de PietCast, dêr't presintator Wim Brons djipper yn it waar dûkt mei Piet Paulusma en Fit mei Femke, in trainingsprogramma foar begjinnende hurdrinners."

"Ek beprate ús sportferslachjouwers alle wiken de sport fan it ôfrûne wykein yn de SportCast. Dêrneist binne der noch in soad oare podcasts fan de Omrop te finen. Kinst se fia omropfryslan.nl/podcast allegear besjen."

En dan as lêste: hoe kin ik in podcast harkje?

"Fia in podcastapp of Spotify kinst it maklikst in podcast lústerje. Op dyn telefoan sit automatysk in podcastapp. Op Android-telefoans is dit Google Podcasts. Op iPhones is dit Podcasts. De podcastapps binne fergees en ek it harkjen nei podcasts is altyd fergees."

"Ast yn in podcastapp sitst, kinst sykje nei in podcast. Ast bygelyks 'Omrop Fryslân' yn it sykfjild skriuwst, krijst alle podcasts fan de Omrop te sjen. Klik op in podcast en it harkjen kin begjinne!"

De podcastst fan Omrop Fryslân binne te harkjen fia de podcastapps en Spotify. Sjoch foar in oersjoch hokker podcasts de Omrop allegear oanbiedt op omropfryslan.nl/podcast.

Trefwurden: 
podcast
(advertinsje)
(advertinsje)