LIVEBLOG: De kampioensrace fan Nyck de Vries yn de Formule 2

28 sep 2019 - 15:02

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea kin sneontemiddei histoarje skriuwe. Hy kin de earste Nederlanner wurde, dy't kampioen wurdt yn de Formule 2. Dat is de klasse ûnder de Formule 1. De Vries hat yn it klassemint in romme foarsprong op nûmer twa Nicholas Latifi. Omrop Fryslân docht ferslach op de radio, mar de mooglike kampioensrace fan de Twellingeaster is ek te folgjen yn dit liveblog. De race start om 15.45 oere.

17:29
Ein fan it liveblog

It is klear, Nyck de Vries hat him fannemiddei fersekere fan de titel yn de Formule 2. Tige tank foar it folgjen en graach oant in oare kear!

16:58
It ferslach fan de finish

FINISH FORMULE 2

16:53
Feest mei de monteurs

Nyck de Vries fiert it feestje mei de monteurs. Yn in earste reaksje by de Formula 2 lit er witte 'in hiel lokkich man te wêzen': "Ik ha hjir gjin wurden foar. We fertsjinje it. Juster hawwe we de earste stap setten en hjoed ferrûn alles neffens plan!"

16:47
NYCK IS KAMPIOEN!

JA! NYCK DE VRIES IS KAMPIOEN FAN DE FORMULE 2!

16:45
Noch ien ronde

Dit kin hast net mear misgean! Nyck de Vries moat de race útride en hy is kampioen.....

Trefwurden: 
Nyck de Vries autosport
(advertinsje)
(advertinsje)