HEA! 60 jier follybalje yn Gytsjerk
Japke van der Naald fan Oentsjerk is 80 jier en follyballet al 60 jier by sportferiening SV Dwarres. Se is dêrfoar yn maaie fan dit jier noch huldige. Japke is alle wiken by de training yn de sportseal yn Gytsjerk. Se slacht noait oer, en is sa fûl as in foarke.