Toer fan Boalserter stedhûs is suksesfol nei ûnderen helle

28 sep 2019 - 13:57

Binnen fiif minuten wie de put klear: it boppeste stik fan de toer fan it stedhûs yn Boalsert is sneontemiddei krekt nei healwei twaen suksesfol nei ûnderen helle.

Nei't earder op de moarn alle lead, beklaaiïng en pinnen yn de houtkonstruksje al losmakke wienen, makken twa manlju hingjend yn in bakje oan de kraan de toer mei touwen fêst.

Under grutte publike belangstelling koe dêrnei de spannende put begjinne. It duorre net lang oft de toer stie feilich achter it stek op de grûn. Spontaan applaus folge.

Foar guon Boalserters wie it suver in emosjoneel momint doe't se har ûnthalze toer seagen.

Foto: Omrop Fryslân

Dit stik fan de toer sil op transport nei Snits foar restauraasje. It twadde en tredde part fan de toer folget takom wike. Mei elkoar is de toer 150 ton swier, dêrom wurdt dy ek yn parten fuorttakele.

De bûnte kjifkrobbe is mar 6 milimeter, mar fret him dwers troch ikehout hinne. Dêrtroch binne de balken swak wurden.

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs toer
(advertinsje)
(advertinsje)