Iepen dei by twa Fryske azc's: moeting stiet sintraal

28 sep 2019 - 12:33

Dizze sneon is it lanlike Burendag yn Nederlân. Dit inisjatyf is bedoeld om as buorlju better mei mekoar yn 'e kunde te kommen en aardige dingen te organisearjen. Ek azc's dogge mei.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn Fryslân binne de asylsikerssintra fan Snits en Balk middeis iepen (13-16 oere) foar elkenien en binne der ek allerhande aktiviteiten.

"We verwachten wel een paar honderd mensen verspreid over de locaties, afhankelijk van het weer", fertelt Bennie Schonewille, lokaasjemanager fan it azc yn Snits. "We hebben elk jaar een open dag en die wordt vaak druk bezocht. Het is een ontmoeting tussen bewoners en mensen uit de wijk, maar het is ook een gelegenheid voor onze medewerkers om onze werkplek te laten zien aan familie en vrienden. En voor de bewoners doorbreekt het de dagelijkse werkelijkheid. Dus kennismaking is de hoofdzaak, dat we kunnen laten zien wat er op een azc gebeurt."

Neist de ynformaasjestands is der dit jier ek in kultuermerk. "Dat is nieuw dit jaar. Bewoners laten zien uit welk land ze komen, dat doen ze met muziek en dans en informatie."

De azc's yn Sint-Anne, Burgum en Drachten dogge net mei.

Bennie Schonewille, lokaasjemanager fan it azc yn Snits

(advertinsje)
(advertinsje)