Toer Boalserter stedhûs hast klear om derôf helle te wurden

De toer fan it stedhûs fan Boalsert wurdt dizze middei derôf takele. By ûndersyk die bliken dat de boukundige steat sa min wie, dat it boppeste diel derôf moat. De skea is feroarsake troch de bûnte kjifkrobbe. It wurk duorret in pear oeren, mar as it te hurd waait, hâldt it op.
© Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Earder op de dei waard sein dat de put om in oere as twa begjinne soe, mar dat is mei in oere nei foaren helle. Underwilens is it lead en beslach deromhinne al ôf
"It giet dus flotter as tocht. It boppeste stik toer is mei elkoar njoggen meter, as dat derôf is de toer wer stabyl en feilich om yn te wurkjen", fertelt boargemaster Jannewietske de Vries.
De toer giet nei Snits, dêr't in boubedriuw dit diel opknapt. Boalserters ha noed oft de toer wol weromkomt. "Ik sil der persoanlik op tasjen dat dy yn âlde gloarje werom komt en dat dy wer iuwen mei kin."
Remco de Vries praat mei boargemaster Jannewietske de Vries
© Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Doe't de boargemaster it nijs freed hearde, wie it wol skrikken. "Yn earste ynstânsje ha we nei de feilichheid fan de bewenners en besikers sjoen, wat we dwaan koenen om it wer feilich te meitsjen. Dat ha we fuort dien. Gelokkich wienen der profesjonele minsken dy't de kraan regele ha en de toer sekere. Dus doe koenen we wer goed sykhelje."