Keunstners ferlitte brûsplak: "Dit rekket my yn it hert"

28 sep 2019 - 15:45

It brûsplak foar keunstners oan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert rint leech. Trettjin keunstners ferlitte de kommende dagen en wiken harren ateliers. Se kinne harren net fine yn de ferheging fan de hier, no't de gemeente foar 1,6 miljoen ynvestearje wol yn it ferâldere gebou.

Fan 1 oktober ôf wurdt de hier ferhege, wylst der op it stuit noch hielendal neat oan it gebou dien is. It leechrinnen fan it gebou kaam nei foaren op in emosjonele jûn fan diskusjeprogramma IepenUp Live earder dizze wike.

Keunstners Tjeerd Landman en Vincent Schiphorst

Keunstner Tjeerd Landman wol oer twa dagen fuort. "It is no al safier dat it my net iens mear om de knikkerts giet, mar om it spul. Der is fan alles tasein, mar neat is dúdlik. De gemeente en de feriening jouwe elkoar de skuld. Der komme neiheffingen, mar hoe en wat is net dúdlik. Ik wol witte wêr't ik oan ta bin."

Vincent Schiphorst hat ek noed oer de neiheffing. "Dit gebouw is zo lek als een mandje, 60 procent van de warmte vliegt zo weg. Ik wil best extra betalen, maar niet voor service die nu nog niet wordt geleverd. Ik had liever gezien dat de huur trapsgewijs zou worden verhoogd."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De gemeente Ljouwert fynt it spitich dat guon keunstners it gebou ferlitte, mar jout oan dat mei alle hierders ien-op-ien kontakt is om dúdlikens te krijen oer de hier en de plannen fan de ferbouwing.

De gemeente Ljouwert wol dat it plak oan de Cornelis Trooststrjitte in brûsplak bliuwt foar keunstners. Wethâlder Hein de Haan wol de keunstners net fuortjeie.

Wethâlder Hein de Haan

"We zijn tien jaar bezig geweest om het pand te behoeden voor sloop. Met meer dan de helft van de kunstenaars hebben we een contract, maar er komen ook andere organisaties bij zoals wijkactiviteiten en het Leger des Heils om de huur laag te kunnen houden. Er zijn voorlichtingsbijeenkomsten geweest en tijdens de verbouwing kijken we een op een of mensen kunnen blijven."

(advertinsje)
(advertinsje)