Harm is Harriët; de relaasje mei har frou is no better as oait

28 sep 2019 - 11:15

Harriët en Siepie Faber út Wommels binne hast twa jier lang folge troch in kameraploech om de transysje fan man nei frou fan Harriët fêst te lizzen. Regisseurs Job Tichelman fan Kûbaard en Hjalmar Tim Ilmer makken de film "Mevrouw Faber" dy't op it Nederlands Film Festival yn Utrecht yn premjêre giet en nei alle gedachten op 4 novimber troch BNNVARA útstjoerd wurdt.

It affysje fan de film "Mevrouw Faber" - Foto: Omrop Fryslân

Harm, in stoere frachtweinsjauffeur trout begjin jierren '80 mei Siepie. Tritich jier letter fertelt er har dat er frou wurde wol. Siepie hat it der dreech mei, mar akseptearret it. Ek oaren moatte deroan wenne: heit en mem, har suster, har kollega-frachtweinsjauffeurs en har freonen by de autocross. Harriët wiist harren der hieltyd wer op dat se net langer Harm hjit. It komt in pear kear foar yn de dokumintêre, dy't fol mei humor sit en tagelyk oandwaanlik is.

Filmmakker

Job Tichelman komt fan Kûbaard en wennet no yn Amsterdam dêr't er dosint is op in ROC. Hy hie in plan om in film te meitsjen oer in boufakker dy't frou wurde woe en socht om lokaasjes dêr't er filmje koe. Doe't er yn Wommels wie en oer syn plannen fertelde, hearde hy it ferhaal fan Harriët en learde hy har kennen.

Hy ûntduts dat it eins folle aardiger wêze soe om Harriët en Siepie te folgjen mei de kamera. "Harriët is een kleurrijk persoon met heel veel humor, zij was een perfecte hoofdpersoon voor mijn film", sa seit er.

Harriët hoegde der net sa lang oer nei te tinken doe't se de fraach krige oft Tichelman in film oer har meitsje mocht. "As ik mar ien persoan oer de streek helje kin om ek syn of har gefoel te folgjen en de transysje yn te gean, dan is myn doel al berikt", sa motivearret se.

Ik wie benaud foar hoe't der yn it doarp oer praat wurde soe.

Siepie Faber

Harriët har frou Siepie wie earst net sa entûsjast. Sy wie benaud foar de reaksjes yn it doarp, mar úteinlik is dat hiel bot tafallen en sels omdraaid. "Troch de film is der just folle mear begryp kommen."

Tichelman wie wat fernuvere oer de reaksjes yn Wommels en omkriten. "De woorden LHBTI, diversiteit en inclusiviteit heb ik niet gehoord. Niemand heeft het erover, terwijl het natuurlijk heel wel heel inclusief en divers is. Ik heb in die jaren werkelijk niet één keer een negatieve opmerking over Harriët haar transitie gehoord."

De relaasje tusken Harriët en Siepie

Geandewei it filmjen ûntduts Tichelman dat de relaasje tusken Harriët en Siepie it sintrale tema wurde moast. It is fansels hiel wat as jo man oankundiget dat er in frou wurde wol.

"Ik ben niet lesbisch of zo" seit Harriët yn de film tsjin in psychiater. "Maar wat is dan het verschil tussen Siepie en andere vriendinnen?" freget de psychiater en Harriët antwurdet dat der leafde is tusken harren en dat de relaasje yntimer is as mei oare freondinnen. In goed jier nei de operaasje kinne Harriët en Siepie konkludearje dat se troch alles dat der bard is in bettere relaasje krigen ha. "Wy binne tichter nei mekoar ta groeid" sa sizze se beide.

De dokumintêre duorret in oere en begjint en einiget mei it byld fan Harriët dy't yn it swimbad yn Wommels is. Doe't se 'dat ding' (de pimel) noch hie, woe se net swimme want 'dan sit dêr sa'n bultsje en dat liket raar'. Nei de operaasje kin se wol in badpak oan en dûkt se lokkiger as oait it wetter yn.

Yn it radioprogramma Buro de Vries snein 29 septimber in lange reportaazje mei Harriët, Siepie en Job. De film "Mevrouw Faber" wurdt nei alle gedachten op 4 novimber útstjoerd op NPO2 by BNNVARA.

(advertinsje)
(advertinsje)