Parregeaster ûndernimmer mei mar de helte fan nij terrein brûke

28 sep 2019 - 10:06

Transportûndernimmer Eelco de Jong út Parregea fielt him bot klemset troch de gemeente Súdwest-Fryslân. Dy easket dat er mar de helte fan syn nije terrein as parkearplak brûke mei, de oare helte moat beplante wurde.

Foto: Google Street View

"Zo hou ik nog maar de helft van de helft van mijn investering over", sei de ûndernimmer by de Raad van State. "Dat is niet mooi van de gemeente. In plaats van dat ik straks mijn elf trucks en opleggers kan parkeren kan ik er maar twee kwijt."

De ûndernimmer út Parregea hopet dat de Raad van State de gemeente op oare gedachten bringe kin. Yn alle gefallen hopet er dat de gemeentlike eask fan in grienstrook fan fiif meter breed ferfalle sil. Dat skeelt nochris 45 prosint ekstra op de bedriuwsgrûn dy't al ynlevere wurde moat.

Jierrenlang op itselde plak

By de sitting yn Den Haag frege de Raad van State oan de gemeente oft der gjin oare oplossings wiene, lykas in hekwurk mei in klimop. Mar de wurdfierder sei dat gemeente dat net sitten sjocht. Der moat in hage mei 'streekeigen beplanting' komme, dy't yn it lânskip past.

De gemeente hat noch leaver dat De Jong nei in bedriuweterrein ferhûzet. Dat liket in passearre stasjon, om't de ûndernimmer al sûnt 1982 oan de Trekfeart sit.

De Raad docht oer inkele wiken útspraak yn de saak.

(advertinsje)
(advertinsje)