Follybalsters fan Oranje ferlieze foar fiifde kear op World Cup yn Japan

28 sep 2019 - 09:21

De Nederlânske follybalsters ha op de World Cup yn Japan foar de fiifde kear ferlern. Oranje gie yn Osaka mei 2-3 ûnderút tsjin de Dominikaanske Republyk.

Foto: www.orange-pictues.nl

De setstannen wienen 23-25, 22-25, 27-25, 25-18, 4-15.

Nederlân, mei de Fryske Marrit Jasper, kaam op in 2-0 achterstân yn sets, mar focht him werom yn de wedstriid mei setwinst yn de tredde en fjirde set. Yn de fiifde set gie it mis. It waard 4-15.

Oranje komt noch ien kear yn aksje op de World Cup. Snein stiet gastlân Japan op it programma.

(advertinsje)
(advertinsje)