Toer Boalserter stedhûs sil sneontemiddei derôf, as wyn gjin spulbrekker is

28 sep 2019 - 08:36

It boppeste part fan de toer fan it stedhûs yn Boalsert wurdt dizze sneontemiddei derôfhelle, om't der gefaar foar ynstoarting is. De top fan de toer is freedtejûn al sekere mei in kraan. By de restauraasje fan it stedhûs hat bliken dien dat de draachkonstruksje fan de toer der minder oan ta is as foarsjoen, feroarsaker is de bûnte kjifkrobbe.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"Om sân oere binne se al begûn. Der moat earst fan alles losmakke wurde, it lead, de beklaaiïng en alle pinnen rûnom yn de houtkonstruksje. As dat dien is, dan stiet er los", leit projektlieder Sietse la Roi út. Ofrûne nacht hat in kraanmasinist de toer bewaakt.

De planning is dat de toer tusken 14.00 en 16.00 oere derôf takele wurdt. Bewenners fan de hûzen en minsken yn de winkels rjochts fan de toer moatte om dy tiid derút. "Dy minsken ha we justerjûn al ynformearre. We kinne se opfange yn De Wijnberg."

It waar, of mear de wyn, kin spulbrekker wêze. Der wurdt flinke wyn foarsein. "De kraanmasinist hat meteo-ynformaasje en in wynmjitter. As it wynkrêft seis of sân is, is it fansels net mear fertroud." "Mei in toer kinst net sile", follet ferslachjouwer Remco de Vries oan.

Foar mooglik ferwachte drokte binne ferkearsregelers beskikber en minsken fan tafersjoch. "En ik ha it nûmer fan de plysje by de hân. We wolle alle risiko útslute. Witst noait wat der útrûgelet. It is wol tritich meter heech fansels. We ha it ûnder kontrôle, mar we slute neat út."

It twadde en tredde part fan de toer folget takom wike.

Remco de Vries praat mei de projektlieder

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
Trefwurden: 
Boalsert stedhûs toer
(advertinsje)
(advertinsje)