Kollum: "Greta Thunberg"

28 sep 2019 - 08:24

"De wrâld leit der mar frjemd hinne. Op de klimaattop spruts de Sweedske Greta Thunberg skande fan hoe't 'degenen die boven ons gesteld zijn' mei ús planeet omgean. Op de VN-top sprutsen dy wrâldlieders oer fan alles, behalve oer Thunberg.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand

Yn it Midden-Easten rinne de emoasjes tusken Iran en de rest fan de lannen heech op en der hoege net in soad lontsjes mear yn it krûdfet foardat we dêr wer in oarloch krije. Miskien litte se yn Iran de sintrifúzjes sa hurd draaie dat se krekt op tiid in kearnbom klear ha, dit as ekstra bydrage oan de feestfreugde...

De fûgelstân giet wrâldwiid mei sprongen efterút, útsein de rôffûgels. As dy aanst alle oaren opfretten ha, sil dat himsels ek wol oplosse. Yn Amearika binne se foar de tredde kear fan doel om harren sels keazen presidint ôf te setten. Ien kear slagge dat, mei Nixon, ien kear mislearre it, mei Clinton. Benijd hoe't Trump it der ôf bringe sil.

Mocht it mislearje, sjitte de Demokraten harren sels yn de poat, want dan sit de kommende fjouwer jier Donald sa goed as wis wer yn it Wite Hûs. Der is dus in soad oan de hân, ek yn eigen lân. Grien Links wol alle boeren dien jaan, hoe't it dan mei ús iten moat wit ik net. Sy fan Grien Links grif ek net, miskien is ymport út it Amazônegebiet in opsje?

We spartelje dus mei syn allen om de saken wat op oarder te hâlden en dêr ha we alle sûn ferstân wol wat by nedich, liket my. Lokkich bestiet de Commissie voor Ruimtelijke Kwaliteit yn Den Helder. Ik tink dat dy de wrâld rêde sil. Se ha yn oparbeidzjen mei de rjochter dizze wike al in grutte stap set. Foar de minsken dy't it net begripe, dit is iroanysk en sarkastysk bedoeld. Mar wol mei in reden. It sit sa.

Yn Den Helder wennet Ineke van Amersfoort. Dizze frou is 82 jier en hat dus al ien en oar sjoen en meimakke. Se is beskieden fan aard, mar net wat har hûs oanbelanget. Dat hat se fleurich opskilderje litten yn de kleur appelgrien. It spat der echt út tusken alle saaie grize en wite hûzen yn de djoere wyk Boatex. En dêr wurdt frou Van Amersfoort fleurich fan. No, prachtich, soenen je sizze. Dizze frou libbet har libben en is bliid mei har appelgriene hûs.

Tsja. Mar dit is Nederlân, it lân fan de jankers op de fjouwerkante nanometer. De buorlju fan frou Van Amersfoort fine dat de kleur net by de wyk past. Wylst efkes fierderop yn de strjitte helderblauwe, swarte, fûlgiele en reade hûzen steane. Dus binne se nei de Commissie voor Ruimtelijke Kwaliteit yn Den Helder stapt om ôf te twingen dat frou Van Amersfoort de kwaste pakt en har hûs oerskilderet yn in kleur dy't wat mear pastel is, want dat is wol tastien. No hat út mjittings bliken dien dat as der ien pot wite ferve troch de appelgriene pot ferve fan frou Van Amersfoort smiten wurdt, de kleur binnen de wet falt.

Ik soe mei myn boereferstân sizze dat in rjochter dizze flauwekul oer 'over smaak valt niet te twisten' mei ferme bewurdingen fan tafel faget. Omdat der wol oare saken oan de oarder binne dy't wichtiger binne om de tiid en ekspertize yn te stekken. No, nee dus. De rjochter gie mei yn it beswier en no mei frou Van Amersfoort op har 82e dus har hûs in pear tinten ljochter oerfervje.

Ik wit net wa't de wrâld rêde sil, echt net. Mar de Commissie van Ruimtelijke Kwaliteit yn Den Helder en de rjochter dy't dizze útspraak dien hat, ferwachtsje ik net al te folle fan wat dat oanbelanget. Miskien hat Greta Thunberg wol grut gelyk oer 'de boven ons gestelden'."

(advertinsje)
(advertinsje)