Mühren nei trije goals: "Doe vanavond een rondje om de tafel met mijn vrouw"

27 sep 2019 - 23:17

"Dit was toch wel echt genieten moet ik zeggen." Dat sei útblinker Robert Mühren fan Sportklup Cambuur freedtejûn nei de wedstriid tsjin FC Volendam. Mühren, dy't yn Volendam wennet, skoarde leafst trije kear yn it Kras Stadion. Cambuur wûn úteinlik ienfâldich mei 4-0.

Nettsjinsteande syn trije doelpunten wie Robert Mühren net hielendal tefreden. "Ik baal van de gemiste penalty. Maar ik ging hierheen met de gedachte dat het een lastige avond zou worden. Na de 1-0 ging het snel en speelden we een gewonnen wedstrijd. Wij bleven goed voetballen en vonden de vrije man makkelijk."

"Extreem blij"

Nei de doelpunten bleau de Volendammer bysûnder rêstich. "Zo hoort dat toch. Gewoon normaal doen van buiten, maar van binnen was ik natuurlijk wel extreem blij. Ik doe vanavond een rondje om de tafel met mijn vrouw."

Ek Jamie Jacobs hie in doelpunt te pakken yn it Kras Stadion. De 21-jierrige middenfjilder wie al nei fjirtjin minuten ferantwurdlik foar de 0-1.

"Knotsgekke avond"

"Het was een knotsgekke avond", neffens Jacobs. We hebben vier doelpunten gemaakt, dat zijn er misschien nog wel wat te weinig. Omdat wij goed in positie stonden en druk zetten konden wij de wedstrijd snel beslissen."

Nei de wedstriid stie trainer Henk de Jong tige tefreden op it fjild yn Volendam. "Ast sjochst wat foar start wy hân ha fan de kompetysje, en wêr we no stean. Dat is echt hiel moai foar de klup. Alles libbet. Dat is hiel moai", fertelt De Jong.

Oer syn topskutter Robert Mühren is De Jong dúdlik: "Hy is de lêste tiid yn bloedfoarm. As hy goed spilet, is hy ek hast net te ferdigenjen."

Hulshoff: "Te jongeseftich fuotballe"

Dêr't elkenien by Cambuur út de skroeven wie mei de oerwinning, wie dat by Volendam wol oars. Sipke Hulshoff, dy't jierrenlang by de Ljouwerters wurke, hold in flinke kater oer oan de nederlaach.

"It begjin wie foar ús, mar dêrnei wie Cambuur folle better. Nei de 0-2 en de reade kaart wie de wedstriid rûn. Oant it skoft besochten wy it noch te hâlden, mar mei de 0-3 wie it klear. Te jongeseftich fuotballe hjoed. Wy hawwe in jonge ploech. Hjir leit foar ús noch in útdaging. Ik gean mei in kater it wykein yn."

(advertinsje)
(advertinsje)