UNIS Flyers begjinne nije seizoen mei winst yn bekerkompetysje

De iishockeyers fan UNIS Flyers binne goed oan it nije seizoen begûn. Yn de earste wedstriid om de 'Beker van Nederland' waarden de Zoetermeer Panters mei 7-3 ferslein.
© Martin de Jong
Nei trije minuten iepene Mark Hoekstra de skoare. Kocsis makke in pear minuten letter lyk, mar fia goals fan Hunt, Nordemann en Janssen einigen de Flyers de earste perioade dochs mei in foarsprong: 4-1.
Troch in rappe útbraak sette Brent Janssen dêrnei de stân op 5-2. Nei noch in goal fan Kocsis makke Ronald Wurm de 6-2, wat foar Zoetermeer reden wie de goalie te wikseljen.

Wiksele goalie

Dy wiksel die fertuten, want ynfaller Riedijk hold de Flyers mei in oantal kreaze rêdingen fan fierdere doelpunten ôf. Ronald Wurm koe troch in goeie kombinaasje mei Janssen wol de 7-2 meitsje. Borgman fan Zoetermeer makke dêrnei de 7-3. Dat wie ek de einstân.
De UNIS Flyers spylje snein de folgjende wedstriid yn de bekerkompetysje. Dan nimme se it op tsjin Microz Eaters Limburg út Geleen.