Drachtster Boys ferliest by Team Alkmaar

27 sep 2019 - 22:17

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn mei 4-2 ferlern fan Team Alkmaar. De Drachtsters krigen fuortendaliks nei it skoft twa goals om de earen.

Drachtster Boys begûn net al te goed oan de wedstriid en moast de kânsen oan Alkmaar litte. Nei tolve minuten skoarde Inge Woldhuis de 1-0 foar de Alkmaarders. De teams kamen dêrnei mear yn it lykwicht, mar Drachtster Boys koe dat net omsette yn in goal en gong dêrom mei in 1-0 efterstân it skoft yn.

Rappe goals

Yn de twadde helte gong it hurd. Binnen in minút makke Rona Mosterd de 2-0. Fan de ôftraap ôf waard it ek fuort 3-0 troch Inge Woldhuis. Goed tsien minuten foar tiid kaam Drachtster Boys noch ta skoaren. Jessie Prijs skeat in hoekskop fan Esther van Toledo binnen.

De Drachtsters krigen dêrnei noch wol in tal kânsen, mar it wie net genôch foar in oanslutingstreffer. In pear minuten foar tiid waard it 4-1 troch in goal fan Nathalia Santibañez Vargas. Yn de lêste minút skeat Jessie Prijs de 4-2 noch binnen.

(advertinsje)
(advertinsje)