FIDEO: De 'Doutzen' ûnder de kij wol net nei de kapper

27 sep 2019 - 22:13

Al in pear jier lang komme de kapsters fan Koudum, Yvonne Bouma, Marijke van der Veen, Anouk Holtrop en Clara Dijkstra, nei stâl Haytema om dêr de bêste kij te 'pimpen'. De sturten fan de kij wurde dan wosken en wyt makke troch de kapsters. De bêste ko fan de feekeuring is ek in ko fan stâl Haytema. De 'Doutzen' ûnder de kij mocht freed dan ek nei de kapsters ta om har priis sjen te litten. Spitigernôch hie de ko net it yn de holle om by de kapsalon nei binnen te gean.

Trefwurden: 
Koudum kapper kokedei
(advertinsje)
(advertinsje)