Utblinker Mühren besoarget Cambuur romme winst tsjin FC Volendam

27 sep 2019 - 21:48

Sportklup Cambuur hat freedtejûn yn Noard-Hollân in kreaze oerwinning behelle. De Ljouwerters wûnen yn it Kras Stadion mei 4-0 fan FC Volendam. Robert Mühren skoarde leafst trije kear foar de ploech fan trainer Henk de Jong.

Foto: Orange Pictures

Al yn de fjirtjinde minút hie Cambuur syn earste doelpunt te pakken. Jamie Jacobs skeat de bal yn de ûnderhoeke en passearre dêrmei keeper Bakker. Fiif minuten letter ferdûbelen de Ljouwerters de skoare. Nei in oertrêding op Kallon koe de skiedsrjochter net oars as in penalty jaan. Dy waard troch Robert Mûhren fersulvere.

Twadde penalty

Oan de ein fan de earste helte krige Cambuur de twadde strafskop fan de wedstriid. Wer gie Mühren, foarhinne spilers fan FC Volendam, efter de bal stean. Keeper Bakker liet him lykwols net nochris passearje en pakte de traap. Yn de ekstra tiid foar it skoft makke Robert Mühren wol dien wurk. Nei in moaie solo skeat hy de bal tsjin it net en dat betsjutte de 0-3 foar Cambuur.

Foto: Orange Pictures

Yn it twadde bedriuw bleau Cambuur oppermachtich. Doelpuntemakker Robert Mühren koe nei in healoerke nochris skoarde. Op hast identike wize knalde hy syn tredde goal fan de jûn binnen.

Ynfaller Ladan wie yn de slotfaze noch ticht by in fiifde doelpunt, mar keeper Bakker koe rêding bringe yn de koarte hoeke. De earetreffer fan FC Volendam wie der hast noch kaam. Jelle Duin skeat lykwols yn it sydnet.

Cambuur twadde

Troch de oerwinning fan Cambuur stean de Ljouwerters op dit stuit mei achttjin punten twadde yn de earste difyzje. Direkte konkurrint De Graafschap (1-1 tsjin Roda JC) liet punten lizzen, wylst koprinner NAC yn de slotfaze fan de wedstriid wûn fan TOP Oss.

FC Volendam - SC Cambuur 0-4 (0-3) 14. Jacobs 0-1; 19. Mühren 0-2; 45+1. Mühren 0-3; 72. Mühren 0-4.

Opstelling Cambuur: Stevens, Van Deelen, Mac-Intosch (66. Nieuwpoort), Schouten, Hoedemakers, Kallon, Jacobs (75. Ladan), Akoy, Mühren, Sambissa, Oratmangoen (62. Paulissen).

(advertinsje)
(advertinsje)