Froulju Hearrenfean jouwe foarsprong fuort en spylje lyk tsjin hikkesluter PEC

De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn mei 3-3 lyk spile tsjin hikkesluter PEC Zwolle. De Friezen gongen mei in 0-3 stân it skoft yn, mar joegen dy foarsprong yn in kertierke wer fuort.
Laura Strik fiert de 1-0 © www.orange-pictures.nl
Al nei sân minuten kamen de Friezen op foarsprong. Suzanne Admiraal spile har direkte tsjinstanner út en skeat fan de râne fan it strafskopgebiet yn 'e goal. Tsien minuten letter krige PEC in grutte kâns, mar de bal gong krekt foarby de peal. Fuort dêrnei koe Laura Strik oan de oare kant wol skoare troch in foarset binnen te tikken.
Krekt foar it skoft soarge Suzanne Admiraal ek noch foar de 0-3. In foarset fan Van de Ven waard trochkopt, wêrnei't se de bal hurd binnen skeat.

Foarsprong ferspile

Yn de twadde helte kaam PEC Zwolle samar werom yn de wedstriid. Yn de 64e minút fersulvere Nikita Tromp in strafskop. Trije minuten letter skoarde Dominique Bruinenberg mei in ôfstânsskot de 2-3.
Tsien minuten letter krige PEC opnij in penalty, dy't troch Nikita Tromp binnen sketten waard. Dêrmei sette sy de einstân op 3-3.