Noppert hâldt EK-kânsen yn libben mei winst yn Gibraltar

Danny Noppert fan De Jouwer is troch nei de twadde dei fan de Gibraltar Darts Trophy. De 28-jierrige darter wûn freedtejûn yn de earste ronde nei in beslissende leg fan Keegan Brown: 6-5.
© Orange Pictures
De Ingelskman miste yn dy beslissende alfde leg ien dart op de bullseye. Noppert koe de partij dêrnei fia tops yn syn foardiel ôfslute.

Noch hieltyd kâns op EK

De winst yn de earste ronde yn Gibraltar is in wichtige foar Danny Noppert. Dizze lêste European Tour fan it seizoen is de lêste kâns foar de Jouster om him asnoch foar it EK te pleatsen, dat ein oktober yn Dútslân hâlden wurdt. Dêrfoar hat hy nei alle gedachten in kwartfinale nedich dit wykein yn Gibraltar.
Sneon spilet Noppert oan de ein fan de middei syn partij yn de twadde ronde. Tsjinstanner dêryn is Michael Smith, de nûmer fiif fan de wrâld.