Gemeente en Warnzers stride by Ried fan Steat oer trasee rûnwei

27 sep 2019 - 20:49

De gemeente Súdwest-Fryslân koe freed by de Ried fan Steat net goed útlizze wêrom't it trasee fan de rûnwei fan Warns ferbrede is, en tichter by de wenningen yn it doarp leit.

Foto: ANP

De gemeenteried hat yn it bestimmingsplan Bûtengebiet in wizige trasee fêstlein. By de rjochtsaak yn Den Haag die lykwols bliken dat it net dúdlik is wêrom't Súdwest-Fryslân it trasee breder makke hat. Yn it plan stiet yn alle gefallen gjin ûnderbouwing. De wurdfierder fan de gemeente seit dat it om in amtlike wiziging giet, dy't nedich is foar fleksibiliteit by de oanlis.

Oanspand troch ynwenners

De Ried fan Steat fûn dat in tige sunige ûnderbouwing. Henk de Jong en Lolke Veenstra, ynwenners fan Warns, hiene de rjochtsaak oanspand. Sy fine dat it trasee it jiskefet yn moat. Troch de wiziging kin de rûnwei nammentlik sa'n 30 meter tichter by de huzen komme te lizzen. Foar De Jong betsjut dit dat de dyk dan net op 60, mar op 30 meter fan syn wenning lizze kin.

Neffens De Jong en Veenstra is de helte fan it doarp tsjin it hjoeddeistige plan. De útspraak is oer inkelde wiken.

(advertinsje)
(advertinsje)