Jens Odgaard: "De trainer nimt my yn beskerming"
Sportklup Hearrenfean-trainer Johnny Jansen feroaret neat oan de basisopstelling foar de wedstriid tsjin VVV Venlo. De klup hat gjin blessueren en dus hat Jansen gjin reden om wat te feroarjen oan syn opstelling.
Deselde alve spilers dy't tsjin FC Utrecht begûnen, sille sneon ek begjinne. Ek Jens Odgaard, de spits dy't ôfrûne snein foar de twadde kear in penalty miste. Net dat it missen fan dy penalty fuort in reden is om him der ôf te heljen.
"Goals ontbreken nog"
Jansen is fierder hiel posityf oer it spul fan syn spits. "Alleen die goals, die ontbreken nog. Of te weinig in ieder geval." Odgaard miste op in 1-1 stân in penalty en waard trije minuten letter wiksele. Dêrnei woe hy net mei de parse praten, mar no wol.
Do miste ferline de wike de penalty en trije minuten dêrnei folge de wiksel. Hoe bist dêrmei omgong?
"Ik haw besocht it sa gau as mooglik te ferjitten. Want it is net it bêste gefoel as je in penalty misse. En ek noch in belangrike."
Trije minuten letter kaam dy wiksel. Hoe wie dat foar dy?
"De trainer fertelde my dat it ek al de bedoeling wie. Dat it neat my de goal te meitsjen hie. Dus ik wie fierder net lilk of sa."
Nei de wedstriid waard dyn trainer in bytsje emosjoneel doe't se it oer dy hiene. Hast dat momint sjoen?
"Nee, hy hat it my wol ferteld. Ik moat it noch efkes weromsjen."
Wat docht it my dy dat Jansen emosjoneel wurdt?
"We kinne goed mei elkoar opsjitte. Hy besiket my ek te beskermjen. Ik bin bliid dat hy sa is."
Wie it in drege wike?
"Ja, fansels. Mar moast ek nei de folgjende wedstriid sjen. Dat is it bêste wat je dwaan kinne."
Hast no yn sân wedstriden twa kear skoard. Hoe wolst dat ferbetterje?
"Gewoan sa trochgean."
Fielst it fertrouwen fan de trainer en de supporters?
"Jaseker. Dat fernim ik wol. Dat docht my goed."
Johnny Jansen kaam moandei wol mei in ferfelend gefoel op de klup nei it 1-1 lykspul tsjin FC Utrecht. "Daar hebben we met zijn allen wel even flink van gebaald. Je ziet dat we onszelf niet belonen. Maar je ziet ook dat we in de top drie staan van aantal schoten. Dus je weet wel dat het goed gaat. Dus we praten erover dat we meer kansen moeten benutten en meer kunnen scoren."
Opstelling: Hahn, Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg, Faik, Veerman, Kongolo, Van Bergen, Odgaard en Ejuke.
De wedstriid VVV Venlo-Hearrenfean wurdt sneon live útstjoerd op Omrop Fryslân Radio, te folgjen fia 92.2 FM, de webside en de app.