Súdwest-Fryslân oer toer: Akute risiko is fuort, Bolletongersdei giet troch

27 sep 2019 - 19:51

"De bûnte kjifkrobbe hat it hout fan de toer hielendal oantaast. It hout wurdt fan binnenút útholle en yn dy steat koene wy de feilichheid net mear garandearje." Dat seit Sietse la Roi fan de gemeente Súdwest Fryslân oer de situaasje mei de toer fan it stedhûs yn Boalsert.

By de restauraasje fan it stedhûs hat bliken dien dat de draachkonstruksje fan de toer der minder oan ta is as foarsjoen. Dat is feroarsake troch de bûnte kjifkrobbe.

Kraan delset

"Wy moasten fuort aktearje en hawwe besletten jûn in kraan del te setten dy de toer sekeret", seit La Roi. "It akute risiko is dêrmei fuort. Wy helje moarn it boppeste stik fan njoggen meter noch wol fan de toer."

Sietse la Roi fan Súdwest-Fryslân yn Weistra op wei

Minsken dy't yn de omjouwing fan it stedhûs wenje, reagearren kalm en rêstich, neffens de gemeente. Sy kinne gewoan yn harren wenningen bliuwe. Op it stuit is de Marktstrjitte/Jongemastrjitte yn Boalsert wol ticht foar it ferkear.

"Wy tinke dat de feilichheid no goed waarboarge is", fertelt Sietse la Roi. De maatregels om de toer wer feilich te krijen sille wol ekstra jild kostje. "Dit binne net foarsjoene saken. Wy kinne de ekstra kosten no net ynskatte, mar feilichheid giet foar alles."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Kommende tongersdei is it ek Bolletongersdei yn de Boalserter binnenstêd. De gemeente soarget dat dat trochgean kin. Wol kinne der gjin kreamkes rjocht foar it stedhûs pleatst wurde.

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs toer
(advertinsje)
(advertinsje)