Ljouwert sammelet bernefytsen foar earme húshâldingen

27 sep 2019 - 18:59

Yn Ljouwert wurdt takom wike in ynsammelaksje op tou set foar bernefytsen. It is de bedoeling dat de fytsen oan earme húshâldingen jûn wurde. De aksje is in inisjatyf fan de ANWB, Veilig Verkeer Nederland, it Fytsersbûn en de Stichting Kindpakket.

Fytspaad - Foto: Shutterstock.com

Ut ûndersyk docht bliken dat yn Ljouwert ien op de seis bern ûnder de earmoedegrins libbet. Mei de aksje moat it mooglik wurde foar dizze bern om in eigen fyts te krijen. De ANWB ropt elk fan de dielnimmende partijen op om safolle mooglik fytsen yn te sammeljen. Ek op skoallen sil der omtinken jûn wurde oan de aksje. Ynleverje kin takom wike freed, 4 oktober, op it Waagplein yn Ljouwert, tusken 1 en 5 oere middeis.

De stichting Leergeld soarget derfoar dat de fytsen by de minsken telâne komme dy't se brûke kinne. Der is ek in wurkplak yn Ljouwert opset, dêr't de fytsen in opknapbeurt krije kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)