Al mear as 10.000 kaarten ferkocht foar Hynstekeuring

27 sep 2019 - 18:17

Der binne al 10.000 kaarten ferkocht foar de Hynstekeuring fan 2020, sa lit de organisaasje witte. De kaarten binne noch net yn de frije ferkeap, mar kinne al wol kocht wurde troch leden fan it Koninklijk Friesch-Paarden Stamboek. De algemiene ferkeap begjint no moandei, 30 septimber.

De jierlikse hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Neffens de organisaasje binne der noch 'inkelde kaarten' beskikber foar it evenemint. Ek de kaarten foar Friesian Proms, op de tongersdei- en freedtejûn foarôfgeand oan it evenemint binne noch beskikber. It spesjale konsert hat dit jier in jubileum: it sil foar de fiifde kear organisearre wurde.

By de Frisian Proms binne dit jier ûnder oare optredens te sjen fan DI-RECT sjonger Marcel Veenendaal, de band The Blue Birds mei sjongeres Elske DeWall, en hynstekeunstner Lorenz.

(Advertinsje)
(Advertinsje)