Toer stedhûs Boalsert driget yn te stoarten

By wurksumheden oan it stedhûs fan Boalsert hat bliken dien dat de boukundige steat fan de toer sa min is, dat it boppeste diel derôf helle wurde moat. Dat bart sneontemoarn al. "We nimme gjin risiko's", seit boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân.
© Gemeente Súdwest-Fryslân
"De feilichheid fan ús ynwenners en besikers stiet foarop", seit De Vries. "Dêrom helje we it boppeste diel der sa gau as mooglik ôf. Gelokkich kinne we dat op koarte termyn al dwaan."

Bûnte kjifkrobbe is feroarsaker

By de restauraasje fan it stedhûs hat bliken dien dat de draachkonstruksje fan de toer der minder oan ta is as foarsjoen. Dat is feroarsake troch de bûnte kjifkrobbe. Dêrom is der in steger om de konstruksje te stypjen. Tagelyk ha de spesjalisten ûndersyk dien nei de stabiliteit fan de toer.
Op it stuit is de Marktstrjitte/Jongemastrjitte yn Boalsert by it âlde stedhûs al ticht foar it ferkear. Dat duorret oant sneontemoarn. De direkte omwenners binne op de hichte brocht.
Súdwest-Fryslân oer toer: Akute risiko is fuort, Bolletongersdei giet troch
It twadde en tredde diel fan de toer wurdt yn de rin fan takom wike fuorthelle. Dêrby hâldt de gemeente rekken mei de aktiviteiten fan bolletongersdei. Dy kinne trochgean.