Offalbakken op strân Skier wer fuort fanwegen risiko op heech wetter

De ôffalbakken op it strân fan Skiermûntseach wurde wer fuorthelle. Dat hat te krijen mei it risiko op heech wetter yn it hjerstseizoen.
© Gemeente Skiermûntseach
De strânôffalbakken stiene der sadat minsken ôffal út see dêryn smite koene. De bakken binne in inisjatyf fan de gemeente Skiermûntseach en Natuermonuminten. De gemeente lege de ôffalbakken geregeld.
De bakken waarden goed brûkt, seit de gemeente.