Automobilist bedarret by Noardwâlde yn greppel troch oerstekkende einen

In automobilist is freedtemoarn ferwûne rekke by in ûngelok by Noardwâlde. Hy bedarre mei syn auto tsjin in beam en yn 'e greppel.
© Kappers Media
It ûngelok barde oan de Oostevierdeparten. De man wie mei in bestelbuske ûnderweis doe't der ynienen in pear einen de dyk oerstutsen. Hy koe se ûntwike, mar rekke in beam en bedarre yn 'e greppel njonken de dyk.
De man is mei ûnbekende ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs.