Al jierren in bromtoan yn en om it hûs: "Je wordt aan je lot overgelaten"

27 sep 2019 - 16:58

Hy sliept net goed, hat hieltyd minder enerzjy en is net graach yn syn eigen hûs. De ynwenner fan Drachten hat al hast trije jier lêst fan in bromtoan yn en om syn hûs. Hy wol graach dat der mear omtinken komt foar leechfrekwint lûd en de gefolgen hjirfan.

Foto: Omrop Fryslân

Omdat hy miskien syn hûs ferkeapje wol en net de yndruk wekke wol dat der wat net goed is mei it hûs, wol hy anonym bliuwe. Wy nimme him dêrom 'Jeroen'.

Yn 2016 waard Jeroen in kear wekker yn 'e nacht. Hy tocht dat der in auto yn de strjitte stasjonêr stie te draaien, mar dat lûd is nea wer ophâlden. Hy is der nachts dop út gong om it lûd op te spoaren, mar sûnder súkses. Letter tocht hy dat it lûd kaam fan wurksumheden fierderop, mar doe't dy klear wiene, wie it lûd der noch hieltyd. En it waard ek lûder.

"Mensen snappen het niet"

Foar Jeroen is it in aaklik probleem. "Mensen snappen het niet", seit er. Der binne net in soad minsken dy't hearre kinne wat hy heart. Syn frou en bern ek net bygelyks. Hy hat kontakt socht mei de gemeente en hy krige besite fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO).

"Ze hebben kunnen aantonen dat er inderdaad een laagfrequent geluid is." Oan de iene kant is it in moaie befêstiging, mar de FUMO hat de boarne fan it lûd net fine kinnen.

Ik word letterlijk mijn huis uitgejaagd. Dat wil je niet.

'Jeroen'

"Het is nu alsof ik aan mijn lot wordt overgelaten", seit Jeroen. Hy rekket sa wurch fan it lûd, dat hy somtiden nei in bêd en brochje giet om te sliepen. "Ik word letterlijk mijn huis uitgejaagd. Dat wil je niet."

Jeroen hat eins noch twa opsjes: ferhúzje of in soarte fan lûdsterapy by de GGD. "Ik ga sowieso die therapie proberen, maar weet niet of dat gaat lukken. En verhuizen dat wil je eigenlijk liever niet. Want wie zegt dat je geen geluid hoort in een ander huis. Dan blijf je bezig."

Undersyk bromtoanen

Hasto lêst fan lege bromtoanen? Dan bist net de iennige. Ut ûndersyk fan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) blykt nammentlik dat sa'n tsien persint fan de Nederlanners wolris in leechfrekwint lûd heart.

Omrop Fryslân wol, yn gearwurking mei de oare regionale omroppen en de NOS, graach witte wêr't yn ús provinsje minsken lêst hawwe fan dit leechfrekwinte lûd. Op hokker lokaasje hearsto de bromtoanen, en wat binne dyn klachten? Bisto ien dy't lêst hat fan dit lege lûd? Folje dan de enkête yn en help ús om it probleem yn kaart te bringen.

Jeroen yn Weistra op wei

(advertinsje)
(advertinsje)