"We hiene in ideale oplossing fûn en no wurdt it wer ferbean"

27 sep 2019 - 16:50

Kafeehâlder Henk Breeuwsma baalt fan it ferbod op spesjale smookromten. Hy hat sa'n aparte smookromte bouwe litten by syn ferneamde reedrydkafee Moarkswâl yn Aldtsjerk, mar dy kin er no net mear brûke. "We hiene in ideale oplossing fûn en no wurdt it wer ferbean. It slacht nergens op."

Breeuwsma hopet dat der noch wol wat tsjin it ferbod dien wurde kin. "Ik hoopje dat Horeca Nederland noch wat docht. Dat is de grutste klup. Dy moatte har bêst dwaan om der foar de ûndernimmers noch wat út te heljen."

De kafeehâlder fan Aldtsjerk foarsjocht no dat de smokers op strjitte komme te stean. "We ha hjir ek wolris muzykjûnen", seit Breeuwsma. "As dan tritich of fjirtich minsken bûten steane, is dat foar de buorminsken ek net moai. Dan moatte we bûten in plakje meitsje. Mar ik fyn it asosjaal dat ik dy minsken nei bûten stjoere moat."

Sûnt 1 july 2008 jildt yn de hoareka in folslein smookferbod, mar spesjale smookromten wiene noch wol tastien. De Hege Ried hat freed besletten dat dat ek net mear mei. Dêrmei folget de Hege Ried it advys fan de advokaat-generaal. Dy wiisde derop dat net-smokers druk fiele kinne om te smoken en dat der altyd smook út de romten wei 'ûntsnapt'.

(advertinsje)
(advertinsje)