Nyck de Vries pakt pole yn kwalifikaasje Formule 2 yn Sotsji

27 sep 2019 - 16:31

Nyck de Vries fan Twellingea hat freedtemiddei yn Sotsji de poleposition pakt yn de kwalifikaasje fan de Formule 2. Mei in tiid fan 1.47.440 ried De Vries nei it earste plak yn Ruslân. Syn konkurrint Nicolas Latifi út Kanada einige as twadde mei 1.47.700.

Foto: Orange Pictures

Latifi stie yn it begjin fan de sesje noch boppe-oan, mar seach De Vries yn de lêste minuten noch in rappe tiid delsette. De poleposition smyt de Fries fjouwer punten ekstra op foar it klassemint.

Wrâldkampioen?

De Vries kin dit wykein yn Sotsji de alderearste Nederlânske wrâldkampioen wurde yn de Formule 2. De Snitser hat in stevige foarsprong op syn konkurrint: Nicholas Latifi.

De Formule 2-race is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân. Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant hurdfytsen en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby.

Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)