Gjin beswieren, dus bou Cambuurstadion kin trochgean: "Een boppeslach"

27 sep 2019 - 17:30

De ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion kin trochgean. De tiid dêr't berop yn oantekene wurde koe is op 19 septimber ferrûn en de reservewike is ek foarby. De Ried fan Steat jout no oan dat der gjin beroppen yntsjinne binne. "Het is nu onherroepelijk, een echte boppeslach", seit wethâlder Hein de Haan.

Sa moat it nije stadion derút sjen - Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

It bestimmingsplan is no definityf. De gemeente Ljouwert en Stadion Ontwikkeling Cambuur kinne fierder mei de tarieding op it nije stadion. "We kunnen los."

Het is blijkbaar een plan met heel veel draagvlak, dat is heel mooi.

Wethâlder Hein de Haan

Dat der gjinien beswier oantekene hat, is neffens De Haan bysûnder. "Voor zo'n hartstikke groot plan, met achttien zienswijzen, is het bijna niet voor te stellen dat er geen beroep wordt aangetekend. Dat is toch gebeurd en dat is een groot compliment waard. Het is blijkbaar een plan met heel veel draagvlak, dat is heel mooi."

De gemeente sil ynkoarten de ried, de wurkgroep en belanghawwenden ynformearje oer de fierdere planning fan it projekt.

Wurdt stikstof in probleem?

De útstjit fan stikstof moat noch wol opnij berekkene wurde. "Het bestemmingsplan is onherroepelijk, daarvoor liggen de bouwrechten er. Maar de omgevingsvergunningen moeten nog wel worden aangevraagd en verleend", seit De Haan. "Daarbij kijken we ook naar stikstof. Dat moeten we opnieuw berekenen, maar we zien het met vertrouwen tegemoet. We hebben het eerder ook berekend en toen bleek dat er geen extra stikstof uitkwam bij het project. Maar het is wel waar, we moeten het nog opnieuw berekenen."

Wethâlder Hein de Haan

(advertinsje)
(advertinsje)