Wer trije drugspannen ticht yn Ljouwert

27 sep 2019 - 16:06

Boargemaster Buma hat tongersdei en freed opnij trije wenningen yn Ljouwert op slot dien fanwege de Opiumwet. It giet om wenningen oan de Spoarstrjitte, it Wilhelminaplein en Feytsmastrjitte.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De wenningen oan de Spoarstrjitte en it Wilhelminaplein binne ûnderdiel fan it grutte drugsûndersyk dat yn juny yn it nijs kaam, mei de namme 'Tuimelaar'. Yn de wenning oan de Spoarstrjitte fûn de plysje ûnder oare himp, hasj en ferskate saken dy't mei drugshannel te krijen hawwe.

'Stashlokaasje'

By de wenning oan it Wilhelminaplein stiet neffens de plysje fêst dat it in 'stashlokaasje' wie fan in coffeeshop yn Ljouwert. Ek dêr waard himp en hasj oantroffen. Ek fûn de plysje dêr in grut bedrach oan kontant jild en in jildtelmasine.

De wenning oan de Feytsmastrjitte stiet los fan it ûndersyk nei 'De Tuimelaar'. Yn dizze wenning waard op 3 augustus in himpkwekerij oantroffen.

Oant no ta binne der yn 2019 yn Ljouwert 25 gebouwen op slot set op basis fan de Opiumwet.

Trefwurden: 
himp drugs sluting Opiumwet
(advertinsje)
(advertinsje)