Boereprotest op 1 oktober: "We moatte no in fûst meitsje"

Feehâlder Jelle Asma fan Skarsterbrêge stiet folslein achter it boereprotest fan takom wike tiisdei yn Den Haag. "We moatte no in fûst meitsje en sjen litte dat we der binne", seit hy. Asma fynt dat boeren solidêr mei-inoar wêze moatte. Dus de yntinsive sektor en de ekstinsive sektor en ek de fiskers. Net tinke 'it sil foar my wol wat tafalle'.
Boereprotest ôflevering 5
De ferwachting is dat der takom tiisdei út de trije noardlike provinsjes in grutte groep boeren nei Den Haag lûkt. Sa't it der no útsjocht giet it om sa'n twahûndert trekkers en in tal bussen. De boeren reizgje moandeitenacht rjochting it regearingssintrum.

Safolle mooglik meidwaan

Asma hopet dat safolle mooglik boeren en oare produsinten fan iten oan de aksje meidogge. "Net tinke 'myn buorman giet wol'. Nee: allegear derhinne, safolle mooglik", seit Asma. "Dan hat de polityk miskien yn 'e gaten dat it in serieus probleem is en dat we it miene."
Asma moat der net oan tinke dat hy syn feesteapel wer ynkrimpe moat, sa as in pear jier lyn fanwege de fosfaatrjochten.
Boer Jelle Asma © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Asma haat it dat de skuld foar de klimaat- en miljeuproblematyk wol hiel bot by de boeren dellein wurdt. En dat wylst der just yn de agraryske sektor in hiel soad oan duorsumens dien wurdt. "Se wize altyd nei ús. Dêr ergerje ik my dea oan." Asma wiist bygelyks op it gebrûk fan soaja, dêr't boeren de skuld fan krije omdat der oerwâld foar kapt wurde soe. "Wy feroarsaakje de houtkap net. Wy brûke it restprodukt. Dat is just duorsum tinkt my." De polityk mei wol wat mear respekt toane foar de boeren, fynt Asma.

'Neat mis mei goede finansjele fergoeding'

Hy is net folslein negatyf oer it advys fan de kommisje fan âld-minister Remkes oer de oanpak fan de stikstofproblematyk dat dizze wike nei bûten kaam. Remkes trunet oan op in waarme sanearring fan ferâldere feehâlderijen dy't yn de buert fan in natuergebiet sitte. "As boeren sels ophâlde wolle en dêr stiet in goeie finansjele fergoeding tsjinoer, dan is dêr neat mis mei", seit Asma. Ek is er foarstanner fan it werombringen fan de maksimumsnelheid nei 100 kilometer yn de oere. Mar neffens him moat der ek nei de loftfeart en Schiphol sjoen wurde.